juli 10, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As tredde kening fan de Belgen
makke hy fan alles mei,
syn keningskip kaam ûnferwachts,
wat oan de dea fan heit en bruorren lei.
As foarst bleau hy by syn soldaten;
oan it front seach hy de dea
wreed waarjend oer it slachfjild nacht
en dei, hy sloech massaler ta as ea.
Hy kriich de ear fan kening-ridder,
by it front in monumint,
sa hold de Belch syn kening heech
en stiet er altyd noch as held bekend.
Hysels socht yn syn lân de hichten
op, op eigen manneboet
klom hy noch heger as it koe,
de fraach wie griep er mis of glied de foet.
Ferhalen waren yn de lichte,
fan komplot gie ’t nei komplot;
in hynder hold de kening heech,
mar ’t folk siet yn de djipte om syn lot.
* Foto ‘Kening Albert I’
** Byld ‘Kening Albert I’
juli 9, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De Hear sprekt oer de himelljochten,
goaden fan it heidenfolk,
har bylden dy’t ta branhout wurde
nei’t de folken offers brochten.
Dy minsken hawwe beammen kappe,
dêrnei naam de fakman ’t oer
om fan it hout in byld te meitsjen,
spikers krigen koarte klappen.
De goaden sille altyd swije,
rinne kinne se ek net,
de goudsmid hat har blinke litten,
’t libben sille se net krije.
Gjin ôfgod kin de Hear belykje,
want Hy is de wiere God,
Hy hat de ierde makke mei syn
krêft, syn wiisheid sil ferrykje.
As Hy de eleminten beare
lit, dan skammet him de smid
foar al syn gouden goadebylden,
mar de Heare wurdt fereare.
* Gouden ôfgodsbyld