juli 14, 2022
fan Gerard Dou*
Sy is noch jong,
mar yn har dwaan al âld genôch
om fan ’t bestean te witten
dat se foar it miel gean moat,
dus bliuwt se net stilsitten.
Sy is al thús
fan alle merken, fan it wyld,
de fûgels en de fisken,
mar ek wat se dêrmei moat,
’t begrutsjen is sa wiske.
Sy is al âld
genôch om woartels oan te sjen
foar wat mei seks te meitsjen
hat, te jong noch dat it moat
om no al swier te reitsjen.
Sy hat al each
foar kreaze jonges op ’e merk,
foar wa’t al hazzen sjitte,
om’t soks foar in rynsk miel moat…
moat sy dat sjitte litte?
* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘De keuekenfaam’
juli 13, 2022
fan James Tissot*
Jeremia
As profeet sprek ik it wurd
dat de Hear my trochjout:
‘Pak jim spullen byinoar,
jim libben wurdt meikoarten hurd.’
Harkje nei wat seit de Hear:
‘Diskear sil Ik smite
hiel it folk de grinzen oer,
sadat it hat gjin takomst mear.’
As profeet hear ik de klacht:
‘’k Fiel my as in brutsen
man, it wurdt myn ûngelok
wat op my wachtet yn de nacht.’
Harkje nei de brutsen man:
‘Myn bestean giet net mear
troch, myn tinte is fernield,
wer kleden spanne komt neat fan.’
As profeet hear ik lawaai;
út it Noarderlân wei
komt de fijân oan mei macht,
’t folk én syn hoeders moatte mei.
* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De ballingskip fan de Joaden’