juli 28, 2022
fan Rembrandt*
Ferskil fan aard is sa te sjen:
nei foaren fleane as de krie
of as de reiddomp achterôf
stean, kamûflearre tusken ’t reid,
de lêste komt dan oer as skou.
Dochs giet syn wêzen net ferlern
as hy as peal stiet yn it reid,
omdat er him domp hearre lit,
syn lûd rikt fier, bromt oer it gea,
fertelt dat hy fan wanten wit.
Fan wanten hat er gjin ferlet,
de wjukken hâlde him wol waarm,
behalve as er fongen wurdt,
dan rekket er troch Rembrandt dea,
de skilder mei it steile wurd:
‘Tegearre stean wy op ’t portret,
ik achterôf, mar yn ’t bestean
stean ik foaroan, grutsk op ’e keunst
fan ’t reitsjen: reiddomp en de mins…
dy keunst krijt men fan my as geunst.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret mei reiddomp’
juli 27, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik wit, de Hear stiet yn syn rjocht,
soe ik dan ha it folste rjocht
om as profeet in fraach te stellen?
Ik ha hjir lang oer tocht.
It giet de minne minsken goed
as steane sy wol yn har rjocht
om fleurich troch de tiid te kommen,
wylst goeden hawwe noed.
De minnen binne as in plant
dy’t net terjochte fruchten draacht;
sy prate mei in moaie mûle,
mar doge fan gjin kant.
Hear, skuor de minnen by ús wei
as skiep dy’t nei it slachthûs gean,
dat dier en fûgel by ús bliuwe
en ’t lân wer frucht jaan mei.
Ik moast it mei in min wurd dwaan,
gjin streekrjocht antwurd fan de Hear:
it soe tenei noch slimmer wurde…
mar kriich de minne mear?
* Bloeiend ûnkrûd?