Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gûlende profeet

Bibelbylden

fan Thomas Moran*
Jeremia

Wês net te grutsk foar iepen earen,
want de Hear is dy’t no sprekt
en rjochtet op syn folk de eagen,
jou oan Him as God de eare. 

Ik sjoch jim oer de bergen rinnen,
fuotten stjittend tsjin in stien,
omdat jim dy net lizzen sjogge,
want de nacht ferdriuwt de sinne.

As jim net nei my harkje wolle,
gûl ik om jim grutske hert,
myn eagen rinne oer fan triennen,
jimme gean wurdt my tefolle.

Sis tsjin de kening dat hy sitte
sil op ’t plak dat is foar him
bestimd, dat foar in kening leger
is as tsjinners witte litte

Ynsletten binne alle stêden
yn it Suderlân, gjinien
kin dêr noch yn of út, as balling
wurdt gjin minske troch Him rêden.

* Thomas Moran (1837-1926)
Skilderij ‘De grutte blauwe boarne’

admin

Publyk as winner

Skûtsjesilen 2022

De G stiet op ’e reade rêch:
hjoed makket Grou syn lêste gong,
mar net om kampioen te wurden,
De Lemmer bleau him dit jier foar,
dus winne fynt by Grou gehoar.

Mar sjoch De Lemmer by de wâl,
de wimpel jout him net de gong
om earste op ’e mar te wurden,
it skûtsje hat syn koers net fûn…
ûnweardich foar in kampioen.

Stekt Grou it boarst dan wol foarút?
De B fan bêste hat gjin sin,
want sechde is te min foar wurden
dy’t sprekke fan in lêste kampioen…
’t publyk hat wol oan spanning wûn.

* Foto ‘Tarieding op it Grouster skûtsje’
** Foto ‘It Lemster skûtsje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum