augustus 15, 2022
Kin de kade it net hâlde,
litte stiennen samar los
om yn de djipte wei te wurden,
dan is mear as ien de klos.
Auto’s kinne net parkeare,
automatysk op it plak
foar har al jierrenlang ornearre,
krije net mear har gerak.
Minsken fan de hechte mienskip
lûke oan de ljochtstriel-jas
om yn de nacht net wei te wurden,
wjerskyn komt dan goed fan pas.
Ien stapt yn in wankel boatsje,
taast de kade hoeden ôf
op siik nei noch mear losse stiennen,
oan de hechte mienskip trou.
Twa kear wurdt de mienskip tsjinne:
fan de stiennen en de stêd,
as ’t moat sels yn it neare tsjuster,
wylst de twadde leit op bêd.
augustus 14, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Charismatysk wurdt der sein,
dy Adolf mei syn boarstelsnor,
en prúkje, donker sûnder krol,
in keardel, tsjuster fan gewisse,
’t is him yn de plasse slein.
Redenryk, sa wurdt der sein,
dy Hitler mei syn breed gebeart,
it blaffen lykas fan in hûn,
neat wol de nazi dêrfan misse,
gif taast oan it wiffe brein.
Charismatysk, redenryk,
hystearje bringt it folk ta neat
oars as oanbidding fan in dweil;
wa’t oars tinkt, mei dat net mear sizze,
want de massa hat gelyk.
Massa’s dweilen hingje slop
mei heakkekrusen oan in stôk,
as út ien mûle klinkt: ‘Sieg heil!’
De koppen heech, wa’t ûnder lizze,
wurde ombrocht op syn rop.
* Foto ‘Rede fan Adolf Hitler’
** Foto ‘Massagearkomste’