augustus 18, 2022
fan Evgraf Semjonvitsj Sorokin*
It rûn nei ’t lêste fan de hannel,
want de dei joech him al del
mei ljocht dat pears fan kjeld ferhelle,
mar it strunen gie noch troch,
de merk koe mear fertelle…
… oer houten tobben en fan amers,
dêr’t net folle each foar wie,
want wa yn Moskou koe ’t net rêde
mei it âlde ark dat noch
foldie op alle mêden?
Nim dan de keunst fan gipsen bylden
oant portretten, net te djoer
foar skilderijen út it westen,
mar de Russen rûnen troch
as wie it om te pesten.
Ferklomme bleau de keapman sitten
mei Napoleon-en-dy,
want Russen swarre by ikoanen,
printen hongen der ek noch,
gjin keunst, it wiene kloanen.
* Evgraf Semjonovitsj Sorokin (1821-1892)
Skilderij ‘De merk’
augustus 17, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Slaan, Jeruzalem, de eagen op
om út te sjen nei ’t noarden,
net om’t dêr de keppel is
dêrst sa mei pronke hast;
yn ’t noarden klinkt de rop
dy’t troch dy hinne skuort
as weeën by de frou yn ’t kreambêd,
want wa’t oer dy hearskje sil, komt hast.
Sjoch, Jeruzalem, nei ’t bûnte kleed
datst draachst mei oeral plakken
fan ’t kwea dat yn dy is,
nei bûten komt as hoer;
Iksels pak dyn kleed beet
en skuor it oer it hier,
yn ’t neaken rinsto oer de strjitte…
wit, dyn skande is fan lange doer.
Yllustraasje ‘Neaken’