Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Walzin

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Kin de rots in brân oerlibje,
dy’t sels stêden platlein hat,
lykas Sodom en Gomorra,
dêr’t it kwea sloech folop ta…
de hurde rots hâldt stân.

Op dy rots stie festing Walzin,
mei deselde kleur as stien,
as in ienheid dy’t der wêze
mocht, mar ’t needlot sloech doe ta:
de Frânsen stichten brân.

Kin in boarch in brân oerlibje?
Wol in toer foar it kanon
om it kweade fuort te sjitten;
rots en toer, it each sjocht twa,
as ienheid troch har bân.

* Foto ‘Kastiel Walzin’



admin

Fan keunst oant kloan

Keunst

fan Evgraf Semjonvitsj Sorokin*

It rûn nei ’t lêste fan de hannel,
want de dei joech him al del
mei ljocht dat pears fan kjeld ferhelle,
mar it strunen gie noch troch,
de merk koe mear fertelle…

… oer houten tobben en fan amers,
dêr’t net folle each foar wie,
want wa yn Moskou koe ’t net rêde
mei it âlde ark dat noch
foldie op alle mêden?

Nim dan de keunst fan gipsen bylden
oant portretten, net te djoer
foar skilderijen út it westen,
mar de Russen rûnen troch
as wie it om te pesten.

Ferklomme bleau de keapman sitten
mei Napoleon-en-dy,
want Russen swarre by ikoanen,
printen hongen der ek noch,
gjin keunst, it wiene kloanen.

* Evgraf Semjonovitsj Sorokin (1821-1892)
Skilderij ‘De merk’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum