augustus 21, 2022
fan ûnbekend*
Lit ús slute in ferdrach
fan frede yn Versailles:
Saarlân bliuwt gjin Dútsk gebiet,
gjin militêre macht wurdt
Dútslân wer, de wyn moat draaie.
Saarlân stimt oer it gesach,
wol sa oer frede kleie,
wurdt ienriedich Dútsk gebiet,
gjin sprake fan Versailles’
macht, dus lit de wyn mar draaie.
Tsjinstplicht is de earste slach
fan Hitler, hear him blaffen:
‘Dútslân stiet wer op ’e kaart,
sa goed wol as Versailles,
boppe-al fljocht myn Luftwaffe.’
Lit de Joaden wurde wach,
want wetten keare harren
rjochten dêr’t men baat
by hat om ien te wêzen…
wurdt ien Joad tenei noch sparre?
Yllustraasje ‘Ferdrach fan Versailles’
augustus 20, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Hiel Juda leit der treurich hinne
en syn stêden kwine wei,
se lizze yn de rouwe oer it lân,
dêr’t de sinne boppe brânt,
de needrop klinkt,
de dieren stimme mei.
It tsjinstfolk wurdt troch pommeranten
stjoerd om wetter, mar it komt
mei lege krûken yn de stêd werom;
elkenien is dermei oan,
de needrop klinkt,
it folk fielt him ferdomd.
De grûn hat lang gjin wetter krigen,
leit troch drûchte as ferslein
derhinne, sûnder opbringst foar de boer,
dy’t gjin weet hat wat te dwaan,
syn needrop klinkt,
want wannear komt wer rein?
De reeën kealje yn it iepen
fjild, allinnich bliuwt it keal,
dat omkomt sûnder molke fan de mem;
wylde ezels ha gjin lucht
om need te roppen,
want it fjild is keal.
‘Jo binne dochs yn ús fermidden,
Hear,’ sa klinkt de rop fan ’t folk,
‘ús bidden bart út wanhoop mei in sucht.’
Foto ‘Ree’