augustus 28, 2022
fan ûnbekend*
Twa binne oan it smoken,
mar de tredde hat de hannen gear,
sjocht streekrjocht foar him út,
hy spilet poker, giet foar mear.
Lit Roosevelt of Churchill
ta dat moardners krije harren sin?
Nee, Churchill slút soks út
en Roosevelt fynt moardzjen min.
Mar sjoch nei Stalins hannen
dy’t gjin earbied ha foar minskebloed,
tsien fingers wiene út
yn Oekraïne op in floed…
… dy’t weage oer de fjilden,
krong djip yn de grûn, de minskesiel
koe net oer ’t lijen út,
te witen oan in fint fan stiel.
Noch wurdt der poker spile
op itselde eilân, sjoch de Krim
dêr’t Poetin liet him út,
al like wreed as wie er him.
* Foto ‘Konferinsje fan Jalta yn 1945’
augustus 27, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Myn eagen rinne oer fan triennen,
nacht en dei giet dat sa troch,
want brutsen is it earme folk,
foar dea leit it derhinne,
bûtenút slachtoffer fan geweld
en yn de stêd ferkwine
fan de honger, gjin profeet
dy’t noch wat oer de wei fertelt.
Dus kom ik mei myn bange fragen
by de Hear, is Hy der noch?
Fersmite Jo it folk foargoed
of komme der wer dagen
dat de minske yn jo eagen telt?
Wy binne yn ’t ferline
rekke fan de goede wei…
it is de drûchte dy’t dat meldt.
Gjin ôfgod kin it reine litte,
sels de loft hat noch net troch
dat wy fersmachtsje fan de toarst,
allinnich God lit witte
oan de loft dat wetter foar ús telt.
Foto ‘Drûchte’