Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferlerne memmen

Bibelbylden

fan Georges Minne*
Jeremia

Jeruzalem, gjinien lijt mei dy mei
no’t Ik net mear genedich bin,
want do hast My de rêch takeard,
meilijen hat gjin sin.

De rêch takeard, omdat myn folk him net
fan minne wegen ôfkeard hat,
soe Ik dan noch meilijen ha…
sjoch dêrom wat no bart.

De memmen reitsje harren berntsjes kwyt
en wurde widdo, grut yn tal,
jongkeardels fine harren mem
net mear, djip is de fal.

In mem fan sân ûntkomt dêr ek net oan,
de lêste sike blaast se út
noch foar’t de sinne ûndergiet,
it swurd blinkt ta beslút.

* Georges Minne (1866-1941)
Byld ‘In mem gûlt om har deade bern’




admin

Libben stjerreljocht

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Yn grotten is it meastal tsjuster,
rekket men de rjochting kwyt
en driget yn de nederklits
te kommen, gjin ûntkommen
oan de werklikheid.

De glimwjirms jouwe de yllúzje
fan in himel, folop ljocht
fan stjerren, hjir en dêr in flits,
in grot om yn te kommen
foar ’t ynsekt dat nocht…

… hat oan in loft mei tichtby stjerren
dy’t him nûgje foar de dûns,
net wittend fan de werklikheid
fan glimwjirms dy’t heech klommen,
dêr’t er krijt de bûns.

* Foto ‘Waitomo Glimwjirm Grotten yn Nij-Seelân’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum