september 9, 2022
fan ûnbekend*
Hattusa, stêd út it ferline,
trijetûzen jier al lyn,
doe’t de Hettiten sterker wiene
as de folken yn ’t gebiet
fan bergen, delgeand nei de see,
dy stêd sil nea folslein ferdwine.
Hattusa mei syn sterke muorren,
mei syn poarten, fiif yn tal,
dy’t inkeld foar de tagong tsjinnen
fan it eigen folk dat gie
derút as hearskers oer it gea,
sy ha harsels as liuwen fuorre…
… mei proaien om sa sterk te bliuwen;
út ’e poarte stiek de kop,
it byld om frjemden op te kearen,
dat gjin fijân kaam deryn…
Hattusa, stêd fan hjoed de dei,
noch altyd grânzje dêr de liuwen.
* Foto ‘Liuwepoarte’
september 8, 2022
fan Jean-Léon Gérôme*
Hoewol’t it swurd him faak bedrige,
fielde hy him yn de oarloch frij
om foar syn heitelân te striden,
as it moast, woe hy syn libben jaan,
hy soe dêr net om lige.
Hoewol’t syn eigen swurd faak flime,
wie foar him de striid al gau foarby;
om’t oaren holden har fansiden,
koe syn swurd it net allinnich dwaan…
wat joech dan noch syn grime?
De fijân hat him finzen nommen,
him befrege, wylst hy tocht: ik swij,
om ’t eigen folk net te ferrieden,
mar koe ien hjir noch syn slaggen slaan?
Syn swurd wie ek ferstomme.
No bliuwt der oars net oer as sitte,
troch de boeien is er net mear frij
om foar syn heitelân te striden,
neaken moat er no syn libben jaan
oan wa’t him sitte litte.
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Oarlochsfinzene yn Rome’