september 15, 2022
fan Francisco José de Goya
Elk hat syn eigen plak op ierde,
elkenien nimt romte yn,
omdat it lichem net oars kin;
de geast hat gjin ferlet fan plak,
lit him net sjen, lykas de wyn
kin dy soms stoarmje om te striden
foar wat romte foar de lea.
De romte is beheind foar gekken
dy’t ferstjitten binne troch
it folk dat, rom fan geast, focht foar
it eigen plak, in ûnderdak,
foar gekken net geskikt, mar dochs
is elk wol yn ien romte rekke,
dêr’t de geast raast foar de lea.
De lea begjinne frjemd te stjitten,
om’t de geast de striid ferliest
om ’t lichem rom syn plak te jaan,
dus krije sy net har gerak
en reitsje yn har striid fertiisd,
de ien rint rûn, de oar bliuwt sitten…
skieding tusken geast en lea.
* Francisco José de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘It gekkehûs’
september 14, 2022
fan Michelangelo*
Jeremia
Ik mocht net trouwe as profeet,
gjin soan of dochter krije,
sa’t de Heare tsjin my sei;
dy soene stjerre, ik soe lije,
want troch sykte wie it leed
net te oersjen, se soene stjerre,
net allinnich alle bern,
mar ek de heit en mem;
gjin trien waard om har litten,
gjin klacht wie noch te hearren;
liken leine op it fjild
en waarden foar de fûgels foer,
’t wie net om oan te sjen.
Ik mocht wa’t roude ek net treaste
mei bôle en in beker wyn,
want Gods barmhertigens wie oer.
Sels kriich ik net it measte,
oanskikke by in gastmiel mocht ik net,
God liet gjin fleurich lûd mear klinke,
fan ’t lûd fan breugeman en breid
hie nimmen mear ferlet.
* Michelangelo (1475-1564)
Skildering fan Jeremia yn de Sikstynske kapel