Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Geweldige macht

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik moast wol sprekke as profeet,
want God spriek my de wurden foar:
‘Wa’t foar jim libbe ha,
sy rûnen achter goaden oan
en hiene my ferlitten;
jim folgen ek dat spoar,
de wei fan it ferhurde hert,
en lieten My mei jim kwea sitte;
dêrom smyt Ik jim it lân út
om oare goaden te oanbidden,
want dêr keas myn folk dochs foar?
Ik sjoch syn dwaan en litten,
My ûntgiet it kweade net,
’t komt dûbel op it folk wer del.
Wa’t foar jim libbe ha,
sy rûnen út Egypte wei,
want harren lot wie keard,
fan slavernij nei de befrijing;
jim folgje yn datselde spoar,
it paad nei ’t eigen lân wer ta,
de ein fan alle lijen.
Myn folk lit Ik dan witte
dat myn namme is de Hear,
geweldich is syn macht,
foar nimmen ea te mjitten,
in sterke stins bin Ik,
in taflecht yn de neare nacht…
wat makket dan in ôfgod klear?’

Foto ‘Stins’ 

admin

Koloniale flagge

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Komodo, eilân mei it rôze strân,
ferhellet in ferhaal, it mearke
fan draken en fan lytse bistkes,
stek de holle dêrfoar net yn ’t sân.

De hagedissen spylje foar de draak,
mei bistkes fan ien sel in pearke,
fan miniskúl nei trije meter,
op Komodo ha dy twa in taak.

De draak dûkt op en makket minsken kjel,
sadat sy nei it strân ta flechtsje,
dy kleur komt fan de lytse bistkes,
by toeristen binne dy yn tel…

… omdat de kleur in lust is foar it each,
mei blau en wyt in grutte flagge,
natuerlik dellein op Komodo,
dat dy fiere naasje seach as pleach.

* Foto ‘Rôze strân op Komodo ,
eilân yn Yndonesië’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum