Willem Tjerkstra’s thússide
admin

No noch tradysje

Lyrysk Deiboek

Foar rûge weagen net benaud,
sa swalke hy foar mannich fangst
fier út ’e kust fan noard nei súd
en wer werom de haven yn,
tradysje hold it iuwen út.

Mar doe’t it út wie mei it seil,
de fiskerij waard masinaal,
wat útrûn op massaliteit,
lykas de merk it hawwe woe,
ferlear tradysje tiid en pleit.

No leit de swalker oan de kaai
mei op ’e gyk it opdoekt seil,
fier fan de kust fan west nei east,
tradysje hâldt de siken yn:
wannear jout hy ienkear de geast?

admin

Radar fan Watson-Watt

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hjir stiet er foar syn apparaat,
dat gjin striel ferstjoert dy’t deadlik is,
sa’t Dútsers bearden oer har tastel;
dit apparaat heint weagen op,
dat posysjes komme op ’e kaart.

De bliksem hearrend by in stoarm
stjoert sinjalen út as weach nei weach,
dy’t Watson heinde mei syn tastel;
sa kaam dy stoarm net ûnferwachts,
want it apparaat sloech grut alarm.

De Dútsers kamen troch de loft,
wisten fan gjin deadlik apparaat
dat weagen heinde fan har tastel;
foar’t bommen foelen op ’e stêd,
skeat de loftôfwar op hiel dy kloft.

* Foto ‘Robert Watson-Watt
en de triomf fan de radar’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum