september 23, 2022
fan ûnbekend*
Ha jonges yn Nenetsië
yn ’t kâlde gea fan Ruslân
ek de oprop krigen om
te fjochtsjen foar de naasje?
Sy binne ’t izich libben wend
en altyd yn beweging,
kom op: mobilisaasje!
Har taiga is ûnbidich grut
mei net te tellen dieren,
rinnend oer de hurde grûn,
ferneamd yn hiel de naasje,
noch fierder, yn de wrâld bekend
en altyd yn beweging,
dus ek: mobilisaasje!
Mar nee, Nenetsië hat gas,
dat streamt nei alle lannen
foar in roebel-stream werom
ta rêding fan de naasje
troch Poetin as in prima fint:
de jonges en de dieren,
sy krije fan him graasje.
* Foto ‘Toendra yn Jamalo-Nenetsië yn Ruslân’
september 22, 2022
fan Salvador Dalí*
De geast fan Lenin wjukket
seis kear om de fleugel hinne
wylst de Ynternasjonale klinkt,
de Sovjet-Uny riist nei boppen,
sjoch nei ’t toetseboerd, it blinkt.
De geast fan Stalin wjukket
fierder om de striid te winnen,
mar falsk klinkt de nasjonale toan,
de Sovjets hawwe hurde koppen…
wa wurdt Stalins wrede soan?
De geast fan Poetin wjukket
oer morele grinzen hinne
wylst raketten komme fluitsjend del,
noch mear soldaten wurde roppen
om te stjerren yn syn hel.
* Salvador Dalí (1904-1989)
Skilderij ‘Seis ferskiningen fan Lenin
op in fleugel’