oktober 3, 2022
De hjerst driuwt donker oer it gea,
hoewol’t de wolken noch opljochtsje
yn de spegel fan de brede sleat,
it stee om by elkoar te kommen
sûnder om in eigen plak te fjochtsjen.
De einen driuwe stadich fuort
as kollektyf dat it net sitten
sjocht om no al op ’e flecht te gean,
sy sjogge minsken ’t leafst net kommen,
genen litte har de jachttiid witte.
De swanne-genen jouwe oan
de halzen ’t sein om op te stekken,
is ’t net om de minsken, dan om: hjir
is ’t plak om ta ús rjocht te kommen,
oan opljochtsjen sil it net ûntbrekke.
oktober 2, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
VE-day, Victory in Europe,
op 8 maaie klonk dy rop,
de oarloch wie foargoed foarby,
want Hitlers Dútslân wie ferslein,
net heech stie mear it Nazi-krop.
De stêden leine as ruïne
plat; al klonk net mear in skot,
tal libbens wiene al foarby
foardat fiktoarje roppen waard,
swier wie foar mannichien it lot.
Nea oarloch mear waard oeral roppen,
frede hold de siken yn,
want oarloch fiere koe ek kâld,
Europa stie wif op ’e kaart
fanwege hjitte eastewyn.
VE-day, Victory yn Europe?
Altyd wer itselde liet:
earst mars-, dêrnei de treurmuzyk.
Wurdt Poetins Ruslân ea ferslein,
dan krijt Europa wer de tiid…
* Yllustraasje ‘VE-day’
** Foto ‘V-day’