Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kastiel Marvao

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat wie de hearsker fan de flakte?
Net it doarpke mei it wyt
fan wenten en de smelle strjitten,
dêr’t de ienfâld hearsket fan de lju
dy’t fan gjin striid mear witte.

Wat wie de hearsker oer de skeante,
rinnend fan de flakte nei
de top, in skeante sûnder strjitte,
mar wol mei obstakels foar de lju
dy’t  klommen om te sjitten.

Wa wie de hearsker op it toppunt
fan it stribjen nei de macht,
dy’t fierder rikke moast as sljochte
wenten, as it koe oer hiel it gea:
de ridder mei syn rjochten.

Wa is de hearsker oer de hagen,
rjochte hoeken, labyrint
om út te kommen by it bloeien
fan de beammen, ’t is de túnman dy’t
de striid oangiet foar ’t groeien.

* Foto ‘Kastiel Marvao yn Alentejo, Portugal’


admin

Idele waan

Keunst

fan David Bailly*

Hy is sa âld as op ’t portret,
de skilder doe’t er jonger wie
mei yn de hân de lange stôk,
doe koed er noch syn slaggen slaan,
mar no’t er âld is, slagget him dat net.

De skilder hat yn ’t libben leard
dat hy net baas is oer de tiid,
dy giet foar elkenien syn gong,
dêr kin gjin minske wat oan dwaan,
lit stean dat hy syn libbensjierren keart.

Dus byldet hy it libben út
mei ’t soadsje dat op tafel leit:
de pearelketting en ’t papier,
de deadskop om sa oan te jaan
dat op ’en doer elk minskelibben slút.

It is mei sizzen net te dwaan,
sadwaande brûkte hy ’t pinseel
om oan te jaan de idelheid
as men mei sier syn slaggen slaan
wol, want dan slacht it samar troch nei waan.

* David Bailly (1584-1657)
Skilderij ‘Vanitas mei portret fan de skilder’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum