oktober 31, 2022
fan ûnbekend*
Dit binne se, tsien mannen,
foar frijheid daliks ree
om mei har fort te fleanen
fol mei bommen mei de hoop
de fijân fûl te reitsjen
en dêrnei lânjend op har stee.
Se fleagen flot nei Emden,
bommen foelen op ’e stêd,
dus wie har missy slagge,
wer werom wie doe de hoop,
har fort waard lykwols rekke,
kaam del op Offenwierster mêd.
Om letter oan te tinken
kaam op ’t plak in duorsum boerd
mei tekst en tal fan foto’s
foar it minskdom mei de hoop
dat frijheid bloeit yn frede…
tsien mannen hiene dêrfoar moed.
* Tekst en foto’s ‘Oantinkboerd by Offenwier’
oktober 30, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Sy triomfearre troch har wil
de nazi’s sterk yn byld te bringen,
Hitlers skaad striek oer de baan
as wied er út ’e himel kommen…
nea stie sy by ’t misbrûk stil.
Fan dûnseres nei regisseur,
de film soe har de gloarje bringe
mei ‘Triumph des Willens’ as
it biedwurd om deryn te kommen…
wa’t krityk hie, wie in seur.
Mei Hitler gie sy foar de ear
fan ’t nazidom om troch te kringen
yn de ieren fan it folk;
de azem waard de Joad ûntnommen,
dy’t sa rekke yn it near.
‘Hier stehen wir, wir sind bereit
um Deutschland durch die Zeit zu tragen’,
balte ’t hiele stadion;
it oare lûd is doe ferstomme
troch har byld fan wat waard feit.
* Foto ‘Leni Riefenstahl en Hitler’
** Byld út ’e film ‘Trumph des Willens’