Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wetterreservoir en -fal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It doarp moast wike foar it reservoir,
dat oanlein waard foar heger doelen
as foar Derwent op te kommen,
wenjen wie de lêste kar.

It reservoir moast duorsum stroomkrêft jaan,
wat útgie boppe ’t folk fan Derwent,
dat it doarp foargoed ûntnommen
waard, it koe der neat oan dwaan.

Mar riisde ’t wetter nei it heechste peil,
dan wie der altyd noch de rûnte
om oan ûnheil te ûntkommen,
want de wetterfal wie steil.

By drûchte sakke ’t wetter nei in stân
dat Derwent as ruïne boppe
kaam; dy sykhelle ferromme,
mar it bleau ferdronken lân.

* Foto ‘Ladybower reservoir rint oer’  

admin

Har hâldfêst

Keunst

fan Gwen John*

De werklikheid wie dizich,
kaam bedriigjend op har oer,
wêr’t sy gjin greep op hie,
oarsom, sy rekke yn de kloer
fan wat sy har ferbylde
yn ’t bestean dat tsjin har wie.

De útflecht lei foar ’t gripen:
’t leave boek dat har net tsjin-
mar oanspriek, elke die,
soms goed, faak min, hie sin,
omdat sy har ferbylde
dat dy net tsjin har yngie.

It boek wie har ta stipe
mei it tsjutten fan de wrâld
dy’t dizich wie, mar nei
it lêzen kriich sy hâld-
fêst, ek op har ferbylding…
’t klearre op ta ljochtskyndei.

* Gwen John (1876-1939)
Skilderij ‘It leavelingsboek’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum