Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Har hâldfêst

Keunst

fan Gwen John*

De werklikheid wie dizich,
kaam bedriigjend op har oer,
wêr’t sy gjin greep op hie,
oarsom, sy rekke yn de kloer
fan wat sy har ferbylde
yn ’t bestean dat tsjin har wie.

De útflecht lei foar ’t gripen:
’t leave boek dat har net tsjin-
mar oanspriek, elke die,
soms goed, faak min, hie sin,
omdat sy har ferbylde
dat dy net tsjin har yngie.

It boek wie har ta stipe
mei it tsjutten fan de wrâld
dy’t dizich wie, mar nei
it lêzen kriich sy hâld-
fêst, ek op har ferbylding…
’t klearre op ta ljochtskyndei.

* Gwen John (1876-1939)
Skilderij ‘It leavelingsboek’

admin

Skrikoanjeier Pasjchûr

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Pasjchûr, pryster yn de timpel,
haadopsichter wied er ek,
hie de krûk fan Jeremia sjoen
doe’t dy yn grúzleminten foel,
hy fûn, dy keardel hie in grutte bek.

Jeremia kriich fan Pasjchûr
mei de swipe op ’e hûd,
dêrnei kaam er fêst yn ’t houten blok;
sa siet er finzen foar ien nacht,
wylst Babels wapens stieken him yn ’t moed.

Pasjchûr kriich in oare namme:
Skrikoanjeier foar de freon,
foar himsels brocht Babel ’t needlot mei,
it hiele folk kaam yn syn macht,
waard troch de fijân nei it easten dreaun.

Jeremia sei tsjin Pasjchûr
dat hysels ek skrikke soe,
want syn beide rollen wiene oer.

* Yllustraasje ‘Jeremia wurdt finzen nommen’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum