Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twastriid fan de profeet

Bibelbylden

fan Rembrandt*
Jeremia

Ik sil it earlik sizze:
as profeet ha ’k skjin myn nocht,
de hiele dei stean ik foar spot,
se ha mei my folslein de gek,
dus hâld ik der mei op,
sa ha ik wolris tocht.

Ik wol ek earlik sizze
dat myn tinken waard as fjoer
dat my troch hert en lichem friet;
omdat Jo nêst my stean as held,
begjinne spotters neat
en giet myn skande oer.

Ik wol it wier wol witte
dat ik flokte oer de dei
doe’t mem my op ’e wrâld brocht hat
en heit it blide boadskip kriich…
wêrom har skurte út,
ik naam de muoite mei.

Jo ha my ompraat, Heare,
dêrom sjong en loovje ik
jo namme, rêden hawwe Jo
my út ’e macht fan elkenien
dy’t my nei ’t libben stie…
sjoch hoe’t ik nei Jo rik.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Treurjende Jeremia’ (detail)

admin

Wetterreservoir en -fal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It doarp moast wike foar it reservoir,
dat oanlein waard foar heger doelen
as foar Derwent op te kommen,
wenjen wie de lêste kar.

It reservoir moast duorsum stroomkrêft jaan,
wat útgie boppe ’t folk fan Derwent,
dat it doarp foargoed ûntnommen
waard, it koe der neat oan dwaan.

Mar riisde ’t wetter nei it heechste peil,
dan wie der altyd noch de rûnte
om oan ûnheil te ûntkommen,
want de wetterfal wie steil.

By drûchte sakke ’t wetter nei in stân
dat Derwent as ruïne boppe
kaam; dy sykhelle ferromme,
mar it bleau ferdronken lân.

* Foto ‘Ladybower reservoir rint oer’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum