Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Toaraskyld yn oanslach*

Skiednisbylden

fan ûnbekend**

Hoe hillich is noch de Toara,
it joadske wurd fan God
dy’t troch de iuwen hinne spriek:
‘Harkje, Israel, ik bin Jahweh,
de skepper fan ’t beloofde lân,
dat dy as iennich folk klear takomt.’

In skyld komt de Toara ek ta
as ôfwar tsjin de spot
fan heidensk folk dat tsjin Jahweh
striidber op ’e eigen tromme slacht:
‘Ferdylgje, Israel, har lân,
dat dy as kolonist klear takomt!’

Want stiet dat net yn de Toara,
dy’t hillich sprekt fan ’t lot
fan heidenen bestimd ta lyk:
‘Deadzje, Israel, ek mem en bern,
de skepper fan ’t beloofde lân
wit wat syn eigen folk klear takomt.’

* Nei oanlieding fan twa toaraskylden
fan de Snitser synagoge dy’t
nei tachtich jier wer foar it ljocht kamen

** Foto fan in toaraskyld út Drinte

admin

Slitende brâning

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjedêr de pylders yn de brâning,
foarm jûn troch de krêft fan de natoer,
it wiene yn ’t ferline tolve,
itselde tal as de apostels dy’t
in boadskip brochten foar de wrâld.

Sa dogge ek wat wiene tolve,
want in lytser tal bleau dêr fan oer,
de oare slieten troch eroazje,
de kalkstien hold de iuwen troch gjin stân,
fiif waarden yn de brâning wei.

It boadskip fan de sân apostels:
lykas wy hat it bestean gjin doer,
fiif waarden troch de see ferswolgen,
de brâning fan it libben fret ek oan
de lea en geast… fan swiet nei sâlt.

* Foto ‘Kust fan Port Campbell, Australië’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum