Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kearnen

Lyrysk Deiboek

Lit de sinne syn eksploazjes
stjoere nei de ierde ta,
miljoenen jierren hâldt dy stjer
it fol mei kearnen dy’t har splitse,
sjoch de loft yn fjoer en flam,
gjin sprake fan dat hjoed ien stjert.

Sprek net fan de kearn dy’t splitse
kin op ierde, want dan ha
de beammen harren kleur ferlern,
ferskroeie yn ien klap de bisten
sûnder dat men dat noch sjocht
en roppe kin: ‘Wêr is myn bern?’

Lit de sinne moarn opkomme
boppe Oekraïne, sa
dat dit folk fredich libje kin,
de takomst fan it lân tarisse
sûnder driging fan de Rus,
de kearn as ienheid jout wer sin.

admin

Twa keizers

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Mussolini
seach de macht wol sitten,
ek fier bûten ’t eigen lân,
sadat er mei syn wapens
hiel Abessinië syn wet oplei…
de keizer hat it witten.

Haile Selassie,
keizer dy’t wol witte
woe dat hy de macht ferlear,
sadat er op ’e flecht gong;
in keizer dy’t syn heitelân opsei,
koe dy it sitte litte?

Mussolini
koe it maklik winne,
rôp himsels ta keizer út
oer Etiopië, sa’t
de namme waard, wat alles oer him sei,
hy koe him net fersinne.

Haile Selassie
woe it net ferlieze,
naam it tsjin de keizer op
mei help, wat alles oer de keizer sei,
syn stjer soe wer ferrize.

* Tekening ‘Mussolini’
* Foto ‘Haile Selassie’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum