oktober 20, 2022
fan Georgia O’Keeffe*
Mei pinselen streke ik in oade
oan New York, in steile stêd,
dy’t my earst fassinearre
troch it stribjen rjocht omheech…
it wie mar foar in perioade.
Troch de hichte waard ik lykwols dwilich,
yn de lichte wie gjin blêd
dy’t my de driuw ferklearre
om te groeien rjocht omheech…
dêr wie gjin siel, dus wie ik sielich.
Swierte dreau de azem út ’e longen,
tagelyk my út ’e stêd,
myn oade wie mislearre,
streekrjocht foar New Meksiko
sil myn pinseel it lofliet sjonge.
* Georgia O’Keeffe (1887-1986)
Skilderij ‘Strjitte New York I’
oktober 19, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Kening Sedekia wie benaud,
hy koe der net fan sliepe,
bang wie hy foar Babels foarst
dy’t teach nei Juda mei syn leger,
dat kenings eagen giene iepen.
Boaden stjoerde hy nei de profeet,
dy’t freegje moast in wûnder
fan de Hear, lykas Hy die
foar ’t folk yn need yn âlde tiden,
ek hjoed de dei koe ’t dêr net sûnder.
Jeremia spriek doe sûnder mear,
de wapens soe de Heare
keare tsjin syn eigen folk,
syn grime rekke fee en minsken,
gjinien koe it geweld ferneare.
Wa’t net stoar oan honger, pest of swurd,
soe as in balling libje
yn de frjemdte, fier fan hûs,
it kwea soe ’t hiele folk fûl reitsje,
gjinien koe mear nei frijheid stribje.
* Yllustraasje ‘Sedekia’