oktober 22, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Sprekke moast ik as profeet
tsjin ’t keningshûs, heech op ’e rots,
yn earder tiid it hûs fan David,
kening nei it hert fan God.
Hie it folk dêrfan noch weet?
Yn elk gefal syn kening net,
dus moast ik sprekke fan Gods oardiel,
want foar him wie ’t al te let.
Nee, de kening spriek gjin rjocht,
ferloste net út fijâns macht,
dus moast ik hurde wurden sprekke…
as profeet kriich ’k gjin ûntslach.
Sa hat God it oardiel tocht:
de foarst komt fan syn hege rots
en wachtet bevend yn de delling
op wat wurdt syn nuodlik lot.
Lean nei wurken wurdt it lot.
it ûnlân om de stêd ferbrânt,
it fjoer sil ’t keningshûs fertarre,
dat it bringt neat mear ta stân.
* Foto ‘Fertarrend fjoer’
oktober 21, 2022
fan ûnbekend*
In foks ferliest syn hier,
mar wint nei elke streek
en krijt sa ûnderfining
hoe’t er slim him rêde moat,
it is in skrander dier.
Syn kop is yn ’t hielal
te sjen, sels foar in leek,
en hinget yn de dize
fan miljarden stjerren, net
te tellen is dit tal.
De wolk fan stjerren, gas
en stof hat mei de foks
te krijen, ’t is de namme
dy’t er oan de dize jout,
syn hier komt sa te pas.
Hoefolle hierren hat
de foks de tiid troch al
ferlern, dy binne net te
tellen… stjerren likemin…
de namme hat wol wat.
* Foto ‘Foksehierdize’