oktober 24, 2022
It heart net sa,
it is der fier by troch
yn ’t ramt fan it klimaat:
in lege plestik sek
kin dat no noch?
Sa tusken ’t grien
misstiet de swarte sek
as wie de hoop ferlern
en hie de dea it wûn…
bin ik no gek?
Net gek, mar wol
blyn foar de lette hjerst,
dy’t ôfbrekt wat bliuwt oer
fan ’t hoefblêd op myn paad:
in rare rest.
Mar wat fergiet,
jout oan de minske troch
de syklus dy’t it rêdt,
dêr’t hy in diel fan is…
sa heart it doch?
oktober 23, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Nasjonalist of kommunist,
it gie yn Sina om de macht,
Tjiang of Mao, wa soe winne…
gie it om it heitelân
of… sjoch my as egoïst?
Lit Tjiang mar foar de naasje gean,
want dan komt Sina ta syn rjocht,
foar Mao is in wrâld te winnen
bûten ’t eigen heitelân,
elkenien deselde klean.
De lange mars fan Mao dreau
syn fijân oer it wetter nei
Taiwan, it eilân as it twadde
Sina, ’t eigen heitelân…
der is sprake fan in kleau.
Nasjonalist en kommunist,
it giet yn Sina om de macht,
Xi Jinping ferneart gjin twadde,
’t giet om hiel it heitelân…
kommunistysk egoïst.
* Foto ‘Mao Zedong’
** Foto ‘Xi Jinping’