Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Falk en ûle

Keunst

fan Hans Holbein*
fan Jan Mankes**

Hy lit foarearst syn falk net sjen,
sjocht sels fûl út ’e eagen
as de fûgel nei syn proai,
foar him is ’t bluodderige earnst:
de do wurdt út ’e loft wei reage.

De falk fielt oan wat frege wurdt,
hy is domestisearre
mei’ t kapke foar it each,
mar harket ek nei syn ynstinkt,
dus moat de proai úteinlik stjerre.

Hy lit folslein syn ûle sjen,
de eachopslach nei foaren,
wylst syn eigen eachopslach
is earnstich, justjes mankelyk,
nea is de iene krekt de oare.

* Hans Holbein (1497/1498-1543)
Skilderij ‘Portret fan Robert Cheseman’

** Jan Mankes (1889-1920)
Skilderij ‘Selsportret mei ûle’

admin

Sprút út Davids stam

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik heinde op Gods oardiel
oer de hoeders fan Jeruzalem:
‘Fersille hawwe sy myn keppel,
seagen dêr net mear nei om,
mar Ik sil nei dy hoeders omsjen,
troch har misdied wurde sy ta skim
fan wat sy yn ’t ferline west ha;
dan helje Ik myn skiep werom
en bring har nei it weidlân ta
om dêr yn oantal oan te winnen
troch de soarch fan goede hoeders.’

Ik heinde op Gods wurden
oer de takomst fan Jeruzalem:
‘Der komt in tiid as dy fan David,
út syn stam ferskynt in Sprút
dy’t kening wurdt en sa regearret
dat elk harket nei syn wize stim,
hy soarget dat it folk it goed hat,
it sjocht nei syn besluten út,
sa dat yn ’t lân it rjochte bart…
Ik helje ’t folk út alle lannen
wei as earder út Egypte.’

* Foto ‘Sprút’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum