november 5, 2022
fan James Tissot*
Jeremia
As profeet fan God, de wiere,
fiel ik my alhiel ferslein
en trilje fûl oer al myn lea
as hie ’k tefolle dronken
fan de wyn dy’t nei de holle set,
Gods wurden ha my alles sein.
Treurich leit it lân derhinne
mei troubrekkers as de flok
dat net in bist mear weidzje kin;
útdrûge binne boarnen
yn oazen, oars sa grien fan hoop,
no grau, te leech foar mar ien slok.
Sels profeten binne brekkers
fan de trou, oant yn myn hûs
moat ik ferneare harren kwea;
dus komme sy te fallen,
want it paad is ’t falske folk te glêd,
de fal bringt harren yn de sûs.
* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Jeremia’
november 4, 2022
fan ûnbekend*
Hy is te sjen yn Wyoming:
in ûle, yn de wrâld unyk,
besit in wenning yn in hol,
gjin ûle is oan him gelyk.
De ûle graaft net sels dat ding,
hy lit dat oan de oaren oer;
in grûniikhoarn of prairyhûn
ferlitte ’t grûnwurk op ’en doer.
De grûn is net in feilich plak,
dochs is de ûle net faak bang,
syn lûd klinkt by gefaar leech by
de grûn: dat fan in prairyhûn.
Deis krijt de ûle syn gerak,
wylst oare ûlen sliepe fêst
by ljochtskyndei, gean nachts op jacht
en komme moarns werom op ’t nêst.
* Foto ‘Holûlen’