november 11, 2022
fan ûnbekend*
Naranjo hat wat fan oranje,
kleur fan nasjonaal belang
fier boppe wiete polders út
en dat yn ’t drûge Spanje.
Naranjo wol oer oaren hearskje,
stekt derút al withoelang,
nimt oan de foarm fan sterk kastiel,
sil fan de klimmers easkje
dat sy in sterke wil besitte,
binne foar gjin steilte bang
en ha sy oan de hichte diel,
dan litte sy dat witte:
‘Wy binne spilers fan Oranje,
sitte op ’e earste rang,
ha ’t fan de berch Naranjo wûn
en hearskje oer hiel Spanje.’
* Foto ‘Narnjo de Bulnes’
november 10, 2022
fan Frans van Mieris*
Se hat it wurk krekt rêste litten:
it draaien oan it grutte tsjil
om út ’e wol de trie te spinnen,
se stribbet sa in deugdsum libben nei
en lit dat oan har beppesizzer witte:
‘It is no tiid foar ’t deistich brea,
it earste stik snij ik foar dy,
teminsten asto harke hast
nei heit en mem en ek de Hear,
doch no de hannen gear.’
Se hat har stânpunt nea ferlitten,
hoewol’t se meastal sitten hat
om út ’e wol de trie te spinnen,
se nimt it jonkje yn har stribjen mei,
hy moat de bea foar ’t miel net sjitte litte.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘It gebed foar it miel’