november 19, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Jeremia
As profeet kriich ik in fisioen:
twa kuorren mei twa soarten figen,
ripe dy’t goed smakken,
mar de oare figen wiene min,
de Hear hat de betsjutting jûn.
Ryp is ’t folk dat balling wurden wie
yn Babel, want it soe nei jierren
wer de frijheid smeitsje
yn it eigen lân, it hie wer sin
te witten wat de Heare die.
Min is ’t folk dat achterbleau yn ’t lân,
de kening en de hege hearen
binne net te iten;
oarloch, honger, pest is it ferrin
foar har, sa’n libben hâldt gjin stân.
* Foto ‘Ripe figen’
** Foto ‘Net te iten figen’
november 18, 2022
fan ûnbekend*
Sardinië, eilân yn de Middellânske See,
dêr’t heuvels útsicht ha
op weagen fan kristal.
Punta Molentis yn de Middellânske See
as earm nei weagen ta,
se blinke as kristal.
Al fier foar’t letter-folk
ha earms grutsk nei de fierte wiisd:
de weagen tsjinje ús as tolk.
Wy hearskje fierder as
de kust en ha de kym as grins,
de lange earm komt ús fan pas.
Sa stjoere wy berjocht
nei folken ús noch net bekend,
de weagen krije nea har nocht.
* Foto ‘Punta Molentis’