november 25, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As God socht hy de djipte op
mei boppe him de weagen,
dy’t er fier opswypkje koe
as skipslju him net noasken,
fier klonk oer de see syn rop.
Hy dûkte foar de timpel op
dy’t boud wie op ’e hichte
fan Kaap Soenion, dêr koe
hy útsjen beide kanten
op, ek dêr klonk fier syn rop.
Dêr socht it eigen folk him op,
de skipslju en dy fan it
lân, om’t elkenien him koe
as god dy’t wist fan wanten,
fier klonk yn it lân syn rop.
Hy spriek oer eigen djipte op
en liet syn hichte witte,
om’t er oeral hearskje koe
mei ’t ark mei trije tosken,
seelju harken nei syn rop.
* Byld ‘Poseidon’
** Timpel fan Poseidon by Kaap Soenion’
november 24, 2022
fan Willem Cornelisz. Duyster*
Hy wie fan ryk, dus heech komôf
en fantasearre oer himsels
yn ’t leger, dêr’t syn heit de rang
berikt hie fan de heechste offisier,
fansels wie hy net bang.
Hy hie twa fearren op ’e hoed,
in teken fan syn hege stân,
om ’t liif in kleurige tunyk,
de brune learzens oant de knibbels ta,
sa wie hysels unyk.
De fraach wie hoe’t it fierder moast,
want wie hy no noch wol himsels
dy’t yn de heechste beammen klom
en boarte mei syn maten as soldaat…
de fraach fûn hy mar stom.
* Willem Cornelisz. Duyster (1599-1635)
Skilderij ‘Jonge offisier’