november 27, 2022
fan ûnbekend*
Al as jonge, wie er ekonoom:
hy liet in oar syn boeken drage,
joech dêrfoar by ’t húswurk help,
dochs wie de ruil iensidich,
want syn wil waard wet.
Fan in protte merken wie er thús:
belizze koe er as de bêste,
mar ferlear ek wer, kriich help
en sammele oerdiedich
keunst, syn wil wie wet.
Nei Versailles kriich er syn gelyk:
lit Dútslân net de tol betelje
fan it hiele kriichsbedriuw,
dat wurket te iensidich,
meitsje ’t net ta wet.
Nei de oarloch waard syn wil ta wet:
lit minsken ’t jild mar útjaan, rôlje
moat it foar it steatsbedriuw,
sa wurket it oerdiedich,
dêrfan is ferlet.
* Foto ‘John Maynard Keynes’
november 26, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
In beker kriich ik fan de Hear,
fol mei de wurden fan syn grime,
wyn dy’t bitter oer de tonge glydt:
‘Lit drinke alle folken fan de ierde,
alles rekket men troch oarloch kwyt.’
De beker naam ik mei de wrâld
oer, liet de folken dêrút drinke,
earst de kening fan Jeruzalem
en alle hege hearen, ek yn Juda,
hiel it lân waard rekke, ’t eage slim.
De foarst fan Babel kaam it lêst
oan bar: ‘Ek do wurdst dronken, koarrest,
falst derhinne, komst net wer oerein,
want yn de oarloch sil it swurd dy reitsje,
dizze wurden hat de Heare sein.’
* Foto ‘Wynbeker’