december 5, 2022
Trijedûbel is de rûnte
nei in nacht dy’t sûnder mar
ien stjer of moanneglim ferrûn,
sy rûnen troch deunby de mar.
Mar sjedêr… de sinne kleuret
fel de himel, ek de mar,
dy’t as in spegel tsjinnet, rûn
of hoekich, wetter hat gjin kar.
Lit dy beide fierder rinne,
heit en soan, ek bol en byld,
de lêste beide oant de jûn,
sy reitsje yn de nacht út byld.
Heit en soan, sy rinne fierder,
statysk op it blauwe boerd,
sa ha sy mannich jier al rûn,
foar rappe rinners wiist it goed.
december 4, 2022
fan ûnbekend*
Eins wie hy liberaal, foar frijheid
fan de minske dy’t by steat
is om himsels te rêden,
dus gjin oermacht fan de steat
op alle mêden.
De republyk hie ek syn foarkar,
mar de tsjerken fûn er neat,
hy woe dy brâne litte,
want har boadskip wie ferkeard,
se ha it witten…
Eins wie hy liberaal, mar sûnder
kommunisten gjin regear,
hy moast it mei har rêde,
dus de steatsmacht kriich it klear
op alle mêden.
Hy waard de presidint fan Spanje,
hold it folk net yn de hân,
mar moast geweld talitte:
Franco kriich de macht yn ’t lân,
se ha it witten…
Foto ‘Manuel Azana’