december 9, 2022
fan ûnbekend*
De Grykske seelju koene mear
as sile oer de Middellânske See,
sy bouden muorren op ’e kust,
wat yn Dubrovnik resultearre,
stêd fan mear as ierdske sfear.
In Ierske skriuwer fan toaniel,
dy’t sunich mei syn kompliminten wie,
skreau oer de stêd as wie ’t in lust
foar eagen: himel op ’e ierde,
want Dubrovnik hie in siel.
De siel spriek tusken see en lân
oer seelju mei in each foar rûn en rjocht,
lykas de brâning op ’e kust,
wat resultearre yn Dubrovnik,
weach en stien yn hecht ferbân.
* Foto ‘Alde haven fan Dubrovnik’
december 8, 2022
fan Rembrandt*
It lok rûn fleurich mei har op
by greiden fol mei blommen lâns,
dêr’t sy in pear fan plôke,
’t wie as yn it paradys:
it earste pear noch yn balâns.
Hy koe net sûnder har as frou,
want mei har beiden koene sy
oer ’t bloeien oeren prate,
yn it hôf fan Eden rûn
it pear der sûnder soargen by.
Fan greide gie it oer nei grot
mei dêrút rizend in skelet,
in seine om te meanen,
sân dat hieltyd flugger rûn,
it pear hie dêrfan gjin ferlet.
It kearde him fan ’t skouspul ôf
en hat de gong der ek yn set.
* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘It jonge pear en de dea’