Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Schoof

Polityk

fan ûnbekend*

It wie in rike risping
foar ekstreme boeren oan
de rjochterkant fan Nederlân,
in skamteleas fertoan.

Ien moast de skeaven bine
fan de stâlen wyld fan wat
de rjochterkant graach hawwe woe,
dat treurich waard syn lot.

Der wiene fjouwer rassen,
amper passend yn ien skeaf,
lykas de biner hawwe woe,
rasisme wurdt nea leaf.

Ien woe har net mear bine
litte, bleau allinnich op
it fjild… lang libje Nederlân
want Schoof wit fan gjin stop.

Yllustraasje ‘Skeaf’




admin

Natoer as keunstner

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Lit de natoer syn gong mar gean,
want dan ûntstean de moaiste bylden,
dêr’t it wetter kleur oan jout,
de skilder bliuwt der stil by stean.

De weachslach fan de Boppemar
hat soarge foar tal fan formaasjes:
fan kastieltoer oant portret,
de keunstner hat in grutte kar.

Grûnwetter fiert de kleuren mei
fan allerhande mineralen:
izer, koper en mangaan,
de skilder sjocht der suchtsjend nei.

Gjin keunstner is by steat te dwaan
wat de natoer as keunstwurk makket,
kolossaal, ek noch yn kleur,
de iuwen troch sil ’t him ûntjaan.

* Foto ‘Pictured Rocks, Lake Superior, Michigan’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum