december 16, 2022
fan ûnbekend*
Lit Rainier syn gong mar gean,
mar wat syn gong is, wa sil ’t sizze?
Klimme soe in opsje wêze,
kleuren sprekke him ek oan,
hy sjocht de berch as syn ikoan.
Lit Rainier as skilder stean
mei syn palet en kwast yn hannen
om it lânskip fêst te lizzen
fan de boskbei oant de snie,
sa’t de natoer al iuwen wie.
Berch Rainier hat kânsen bean
oan syn Rainier, deselde namme
bliuwt ferbûn oan berch en minske:
klimme mei in pracht palet,
gjin sprake fan in oar ferlet.
Foto ‘Mount Rainier yn de steat Washington’
december 15, 2022
fan Jan Toorop*
De measten steane noch te sjen
yn tsjokke klean, de wanten oan,
as ’t wyfke mei de wite mûtse
op yn rjochte streken koeke snijt…
wa sjocht der no nei ’t bern?
It famke stiet dêr wat ferlern,
hoewol’t har jas wol oansjen hat
mei djippe bûsen foar de hannen;
wylst se wankel op ’e redens stiet,
sjocht sy hoe’t heit it kin.
Heit slacht syn iene skonk fier út
om sjen te litten hoe’t it moat:
mei beide hannen yn de bûse
stapt er oer, rydt streekrjocht op har ta,
hy nimt foar har ’t beslút:
‘Pak my mar by de winterjas
en doch my mei dyn skonken nei,
dat wy tegearre lykop ride;
asto sels it lykwicht hâlde kinst,
dan lit ik dy wol los.’
* Jan Toorop (1858-1928)
Skilderij ‘Reedriders’