december 17, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Chananja kaam as nep-profeet
mei eigen wurden yn de timpel:
‘Harkje nei de wurden fan de Hear,
Dy’t binnen twa jier Babels jok
yn stikken slacht, de ballingen
werombringt nei Jeruzalem
en ek it timpelguod… de ommekear!’
It wurd fan Jeremia klonk:
‘Al wat jo hjir no profetearje,
guod en balling komme gau werom,
soe liede ta it grutste lok;
as útkomt wat jo preke ha,
dan hat de Hear dit boadskip jûn
en keart foar dizze stêd de tastân om.’
Doe naam de nep-profeet it jok
op slach fan Jeremia’s nekke,
sloech it stikken, naam opnij it wurd:
‘Sa wurdt it jok fan Babel slein
yn stikken ta ús eigen lok.’
It wurd fan Jeremia klonk:
‘It houten jok wurdt ien fan izer,
swier leit Babel dit de folken op
en do, Chananja, wurdst ek slein,
komst nea wer op it eigen honk.’
Yllustraasje ‘Jeremia en it jok’
december 16, 2022
fan ûnbekend*
Lit Rainier syn gong mar gean,
mar wat syn gong is, wa sil ’t sizze?
Klimme soe in opsje wêze,
kleuren sprekke him ek oan,
hy sjocht de berch as syn ikoan.
Lit Rainier as skilder stean
mei syn palet en kwast yn hannen
om it lânskip fêst te lizzen
fan de boskbei oant de snie,
sa’t de natoer al iuwen wie.
Berch Rainier hat kânsen bean
oan syn Rainier, deselde namme
bliuwt ferbûn oan berch en minske:
klimme mei in pracht palet,
gjin sprake fan in oar ferlet.
Foto ‘Mount Rainier yn de steat Washington’