december 23, 2022
fan ûnbekend*
It lânskip leit der iepen hinne,
wylst it giel krûpt nei it grien
om yn de simmer te oerhearskjen,
Serengeti lit dan sjen
hoe’t grûn ljocht kleuret as de sinne.
De gnoes en sebra’s lieten witte,
’t is no mei de oerfloed dien,
it gers dat libbet troch it wetter,
lit him mei syn lykkleur sjen…
de bisten ha de grûn ferlitten.
Se lieten ’t mei miljoenen hearre,
ha gjin tel yn twivel stien,
it dreunde as mei swiere tonger,
ymposant om nei te sjen…
’t waard stil as soe it lânskip stjerre.
* Foto ‘Nasjonaal park Serengeti yn Tanzania’
december 22, 2022
fan Alfred Sisley*
De biskop koe wol seelju rêde,
want as Sint wie hy de man
dy’t macht hie oer de heechste weagen,
soms op see en faak yn it bestean,
hy hat de wrâld oer eage.
Syn namme stiet skier op ’e muorre,
komt noch boppe ’t wetter út,
dat funksjonearret as in spegel,
net de Sint, te skier yn it bestean,
trochbrutsen is de regel…
… dat Nicolaas it altyd rêde
kin om foar Sint troch te gean:
hy koe de wetterfloed net keare,
kaam sadwaande yn syn himd te stean
en kriich hjir net de eare.
* Alfred Sisley (1839-1899)
Skilderij ‘De oerstreaming, Port Marly’