december 25, 2022
Alle jierren stiet it fêst
dat foar de beam in grûnflak is
om út te rinnen op in punt
dy’t wiist, mar dêr is ’t noch roettsjuster,
hopet men hjoed op in stunt?
Wûnders komme op it lêst
net foar om’t dêr gjin himel is
dy’t útsprekt hoe’t it komme moat;
ús hoop wie rjochte op earjuster,
mar dêrboppe bleau it swart.
Wiist it hjoed foar wa’t noch lêst
de lette tekens fan de dei
op hoe’t it nei de takomst rint?
It stikeltrie is net fan juster,
snijt de top derôf… wa wint?
Wa’t ferlieze, stiet al fêst:
de fredesdowen fan ien dei
dy’t koerend fleane foar ús bern,
mar ien do fljocht troch yn ’t roettsjuster,
iuwen bliuwt syn ljocht te sjen.
december 24, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Twa brieven waarden stjoerd:
ien fan Sjemaja, Babelsk balling,
oan de minsken yn Jeruzalem
en ek in brief fan Jeremia
oan de ballingen yn Babel…
yn de lêste klonk Gods stim.
De earste brief:
Bring Jeremia nei
de finzenis, hy sprekt gjin wiere
wurden, jout him wol út foar profeet
en lit de ballingen yn Babel
witte dat it jierren duorje
sil foar’t oer is al ús leed.
De twadde brief:
Dit is it boadskip dat
de Hear stjoert oer Sjemaja dy’t him
foardocht as profeet, mar syn stim
sil nea mear klinke, hy hat opstân
preke tsjin wat elk belibje
sil yn nij Jeruzalem.
Ikoan ‘Jeremia’