december 30, 2022
fan ûnbekend**
In mar mei suver wetter,
spegel fan de kleare loft,
foar ’t each folsleine harmony,
mar ‘Morskie Oko’ wit net better.
De minsken ha twa eagen
om de djipte goed te sjen,
mar sjogge net it see-each, want
dat leit fier ûnder Poalske weagen.
It see-each, dat ferbine
soe it swiete wetter mei
de sâlte see, koe beide sjen,
wat trochgie foar trochgeande line.
It wie in foarbyld foar de
minsken dy’t koartsichtich yn
it libben stean, gjin sicht ha op
wat hjoed bestiet en juster barde.
* Morskie Oko betsjut see-each
** Foto ‘Morskie Oko’
december 29, 2022
fan Eric Aldwinckle*
Kin men ôfstân nimme fan
de loftmacht boppe see en strân
dy’t struit mei net te tellen bommen
op ’e fijân yn Normandië?
De keunstner is de man
dy’t heech fljocht om safier te kommen.
Net it ûnderdrukte folk,
it nimt gjin ôfstân fan dat strân,
hjit lûd jûchheiend bommen wolkom.
Kin men ôfstân nimme fan
de loftmacht boppe ’t flakke lân
fan Oekraïne, dêr’t granaten
boargers deadzje? Sels de keunstner kin
net komme mei in plan
om earst oer hegerop te praten.
Want it slim bedrige folk
is breinroer en hâldt moedich stân,
gefoel kin men net ûnderdrukke.
* Eric Aldwinckle (1909-1980)
Skilderij ‘Ynvaazjemodel, Normandië’