januari 23, 2023
It binne beide karnivoaren
dy’t genietsje fan in snaffel fleis,
in kikkert, rôt, meastal in mûs,
dy’t net faak boppe komme,
ûnder binne by de rûs.
It rûzet dêr fan ’t rûtsend libben,
ûndergrûnsk fan wille net genôch,
dus komme der in protte bern,
dy’t dwerse pubers wurde,
losgeand litte se har sjen.
De earrebarre en de reager
kenne dat bolbjirken folkje wol,
de earrebarre stapt foarop,
dêrachter slûpt de reager,
taktysk swierder yn de kop.
Syn snaffel sil nei foaren sjitte
foar’t de oare reagearje kin,
de puber sjit der altyd yn,
kin net in snaffel kieze,
want hy is fan skrik al blyn.
januari 22, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Gjin kever sil de krante helje,
him bejaan by in partij
of earetitels winne,
want sa’n bistke fielt him frij
om op syn wize troch te rinnen.
Lykwols in wein op fjouwer tsjillen,
foarm jûn troch in Ferdinand
mei Porsche nei dy namme,
ried as kever nei de klant,
hy hat him foar dy foarm net skamme.
It wie nei ’t hert fan Adolf Hitler,
dy’t wat mei de kever hie:
in pânser op seis poaten,
’t bist dat foar syn leger stie,
hy hie de kar út sechtich soarten.
Sa fielde Porsche him fereare
mei syn kever foar it folk,
want elk koe dêryn ride;
sels waard hy foar Hitler tolk,
elk hat op eigen wize striden.
* Foto ‘Ferdinand Porsche’
** Foto ‘Kever’