december 9, 2024
fan ûnbekend*
Hoewol’t syn namme tsjerklik klinkt,
hie Churchill gjin ferbylding
as profeet foarút te sjen,
dochs seach er klear de stielen macht
fan Ruslân, dy’t de tiid troch winkt.
Dit winken hold foar ’t easten yn:
gjin lân moast him ferbyldzje
los te wêzen fan de macht
fan stiel dy’t steaten oan him bûn…
sjedêr it izeren gerdyn.
Dit izer tsjûge fan de macht
fan stiel, dy’t him ferbylde
oer de hiele wrâld te gean
mei ’t leauwe dat it minskdom bûn
en inkeld balte fan: ‘Jou acht!’
Uteinlik wie dy macht mar skyn:
matearje sil ferrustkje,
sels it stiel bliuwt net bestean,
de frijheid hâldt de geast yn acht,
dy’t sloopt in izeren gerdyn.
* Foto ‘Izeren gerdyn’
december 7, 2024
fan ûnbekend*
Mei alle winen gie hy mei
om elke dei syn wurk te dwaan:
de wjukken draaiden yn it rûn
om weet en mais te meallen;
wyt-swart gie hy troch de tiid,
want nei in ljochte perioade
koe hy net syn slach mear slaan.
Hy gie net mei in stoarmstjit mei,
mar krekt oarsom: syn wjukken naam
de twirre mei, net yn it rûn,
te fier om noch te meallen;
nimmen seach mear nei him om,
hy rekke yn ferfal, de moade
frege om in kreaze faam.
Uteinlik hat de nostalgy
foar Pitstone Mill de trochslach jûn,
de wjukken draaie wer yn ’t rûn,
dêrmei kin hy fertelle
dat it libben is swart-wyt,
it tsjuster folget op it deiljocht,
nei ferfal is hy wer sûn.
* Foto ‘Pitstone Mill yn Buckinghimshire, Ingelân’