Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar de folken

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Wol harkje, folken fan de wrâld,
no komt it boadskip fan de Hear,
dy’t Israel fersille hat
as ballingen nei Babel,
mar Hy hellet har wer byinoar,
wol harkje nei wat bart.

Sy komme mei in bliid gerop
de Sionshichte op, de Hear
biedt Israel it goede oan:
nôt, jonge wyn en oalje,
mei it folk fan God is ’t as in tún,
de fruchten binne skoan.

De Hear feroaret rou yn fleur,
jongfammen dûnsje der op los,
wat jong en âld besoarget nocht,
de treast ferdriuwt it lijen,
dus harkje, folken fan de wrâld,
nei wat de Heare docht.

* Foto ‘Tún’


admin

Lake Poets

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sy kamen mei in lege holle
nei it mardistrikt yn Ingelân
om dêr in jier te bliuwen,
op it iepenst each en ear
om dêrnei ’t dichtsjend op te skriuwen.

Se seagen oer de kleare weagen
nei de heuvels oeral yn it rûn
en hegerop de bergen;
troch te klimmen wie wol klear
dat hichten hiel wat fan har fergen.

Mei swolgen dronk de geast fan ’t lânskip
oant de holle, ek it hert wie fol,
se kamen swier wer ûnder;
mei it dichtsjen rekke gear
wat sy beseagen as in wûnder.

Foto ‘Derwentwater’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum