januari 9, 2023
It foel him hielendal net swier
om ier derôf te kommen,
mei de angel op ’en paad te gean,
ek tille gie him maklik ôf
en boppedat wie it net fier.
Hy stie betiid al by de mar,
hie ’t hiele ryk allinne
om net inkeld stil te stean by fisk,
want soms foel him it libben ôf
en wie it wolris yn de war.
De hoarizon wie no noch skier,
mar ’t soe grif better wurde
as er fiske yn de geast fan stean
net stil by watst net makkest ôf,
begjin opnij, dan komst wol fier.
Hy fiske dy dei dûbelop,
it wie de muoite wurdich,
mei de fangst koe hy wer fierder gean.
januari 8, 2023
fan ûnbekend*
Hoewol’t er net nei swarten skaaide,
gie er troch it libben as Black Bart,
dy’t foar ’t gefoel as út ’e nacht
opdûkte, wylst mei syn revolver swaaide.
Gjin masker hie hy foar de eagen,
dy’t er sjitte liet, as wie ’t al bard,
se brochten ’t folk rap yn syn macht,
gjinien dy’t noch de oanfal op him weage.
Hy waard op ’t lêst dochs arrestearre,
troch in kneppel waard syn eachweid swart,
sels sloech er op syn tastân acht,
hat wa’t syn hannen bûn komplimintearre.
De fraach wie wat him motivearre
of beweegde om te dwaan as Bart
dy’t swarde by in swiere fracht
oan rôversguod, dus waard er operearre.
Syn harsens waarden sa fersetten
dat se pasten yn ‘t korrekte part
fan dy fan ’t folk dat altyd acht
slacht op in diktatuer mei strange wetten.
* Foto’s ‘Reimund Holzhey’