januari 13, 2023
fan ûnbekend*
Syn stânplak wie fier yn it suden,
mar it wie deselde oseaan
dy’t him it wide útsicht joech,
mar Lima fûn, hy stie te iensum,
soe de toer in oar plak jaan.
De toer ferfoer doe nei it noarden,
kriich in stânplak op ’e griene kust,
seach twa kear op ’e brâning út:
dy fan de stêd en fan de weagen,
foar it fjurrich each in lust.
Hy smyt syn fjoer nei fjouwer kanten,
krijt fan trije net in groet werom,
mar út it easten weaget oan
de groetenis fan ljocht en leven…
iensumens gie oer yn rom.
Foto ‘La Marina-fjoertoer by Lima’
januari 12, 2023
fan Colin Colahan*
Kin it kâlde easten tichter by
it wiete westen komme?
As de kjeld lûkt troch de wurge lea,
dan reitsje herten ek ferklomme.
Ut it easten wei komt tichterby
it folk fan wa’t de herten
sletten binne troch it eigen gea,
oanfretten troch de wapenwetten.
Ut it westen wei komt tichterby
de militêre weinen
yn kolonne nei it striidtoaniel
om ’t gea mei kûgels te bereinen.
Eachopslach fan east en eachopslach
fan west, in moeting sûnder
wurden, ’t giet net mear fan siel nei siel,
in oarloch leaut net yn in wûnder.
Hjir en dêr is grut ferskil yn slach:
ferbjustere en fjurrich,
elkenien hat oan de oarloch diel,
mar is it wol de muoite wurdich?
* Colin Colahan (1897-1987)
Skilderij ‘East moetet west’