januari 19, 2023
fan Gustave Asselbergs*
Lit komme út ’e massamedia
de massa fan it witten
dat ferwurke wurde moat:
in middel tsjin ferjitten.
It felle giel fan de yntinse haat,
read bloed, massaal fergetten
foar it leave heitelân,
sa is op slach besletten.
It pears dat mongen is fan blau en read,
blau bloed dat stelt de wetten
fêst foar Jan, gewoan soldaat,
syn dea is gau fergetten.
Fiktoarje klaait har yn it felle wyt
dat streekrjocht rint op frede
út, wat alles yn him hat:
wei fan gefoel en rede.
Zelenski wiist nei ’t byld fan Churchill,
fan boargers en soldaten
yn it frije heitelân,
sa wurde lieders maten.
* Gustave Asselbergs (1938-1967)
Kollaazje ‘Fiktoarje’
januari 18, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It sil net lang mear duorje
dat it tiid wurdt foar in nij ferbûn
mei ’t folk fan Israel en Juda,
Ik, de Hear, ha har wer fûn.
It komt net op itselde
del: ’t ferbûn dat earder sletten is
mei ’t folk yn ’t slavelân Egypte,
dêrmei gie it letter mis.
It folk hat dat ferbrutsen,
alhoewol’t Ik harren hoeder wie
op wei nei ’t lân fan de belofte…
hie it folk gjin hert foar rie?
Myn wet komt yn har binnenst,
goede rie dat rekket no it hert,
gjinien hoecht fan de oar te learen,
My ferjitte docht men net.
* Foto ‘Nij ferbûn’