januari 27, 2023
fan ûnbekend*
Acht meter heech, de heuvel Thufa,
fan grint, wol fiifenfjirtichhûndert ton,
it geastesbern fan keunstner Nordal,
elke geast fielt him dêrmei ferbûn.
In oade oan Iislânske fiskers,
de wite fiskershut as monumint,
it plak dêr’t fisken drûge waarden,
geast en lichem bleauwen sûn.
Foar wa’t it paad nei boppen nimme,
draait yn de rûnte nei de fiskershut,
de top biedt útsicht oer de weagen
fan de oseaan, fier yn it rûn.
Hy sjocht de Harpa**, heart de klanken
dy’t yn de rûnte draaie nei de top,
him fiere fier oer ’t wide wetter,
mei de fiskers fielt er him ferbûn.
* Foto ‘Thufa’
** Konserthal yn Reykjavik
januari 26, 2023
fan Jean-François Millet*
fan Paula Modersohn-Becker**
Wylst rike boeren folop rispje,
bûge froulju nei de keale grûn,
de hân útstutsen nei wat
oerbleaun is, har wurk oant yn de jûn.
De dei is lang, it moat hjoed barre,
oars ha oaren al wat oerbleau fûn,
wat har perfoarst net barre
mei, sy libje fan de rike grûn…
… oant sy net langer bûge kinne,
inkeld noch de holle foar har God,
om’t sy oant no ta sparre
binne, wol tefreden mei har lot.
De fingers hoecht de frou net mear te
bûgen, inkeld foar de fingerhoed,
de blom dy’t sy hjoed plôke
hat foar ’t earmhûs, dat befalt har goed.
* Jean-François Millet (1814-1875)
Skilderij ‘Froulju dy’t ieren sykje’
** Paula Modersohn-Becker (1876-1907)
Skilderij ‘Alde frou út it earmhûs)