februari 24, 2023
fan ûnbekend*
Heech boppe seenivio de mar,
bewekke troch de hege bergen
yn ’t blaugriene Switserlân,
dêr’t minsken har ta wenjen setten
mei heech-leech as kar.
Om grûn te winnen foar de bou,
ferlegen se it hege wetter
fan de mar… sjedêr grien lân
om huzen, pleatsen del te setten,
oan de opdracht trou.
De opdracht kearde nei in iuw:
in daam ferhege doe it wetter
fan de mar… wei waard it lân,
de wetterkrêft ferlei de swetten…
enerzjy as driuw.
* Foto ‘Lungernsee’
februari 23, 2023
fan Wyndham Lewis*
Wannear’t de bommen falle,
hâldt de himel dat net tsjin,
dus brekt de ierde iepen,
weaget as de brâning nei
oant alle hollen bûgje.
Wannear’t soldaten falle
nei’t de hollen bûge ha,
wa kin dan langer sliepe?
Eagen wolle net mear ticht
en kinne inkeld stoarje.
Wannear’t de jûntiid falle
sil, stean trije noch te sjen,
wa kin it bloed begripe
dat noch altyd weaget nei
lykas op ’t strân de brâning.
* Wyndham Lewis (1882-1957)
Skilderij ‘In batterij bombardearre’