Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Treurjende wylgen

Lyrysk Deiboek


Hoewol’t de namme treurich klinkt
en sy de tûken hingje litte,
kin men yn de maitiid sjen
dat ljocht en skaad har eigen binne
en de hoop op waarmte winkt.

Wat nei in jier al barre kin,
dat koe gjin minske foarút witte,
’t is te treurich om te sjen
dat ljocht en skaad der net mear komme:
tiid hat hjir in min ferrin.

Op deaslach komt it stielhurd del,
om’t hjir en dêr al bledsjes sitte,
is it net om oan te sjen,
it skaad skoot oer it ljochte hinne…
wat is dan noch wol yn tel?

admin

De twadde Hindenburg

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hy moast de allergrutste wurde,
want Hindenburg wie fjildmaarskalk
en letter ek noch presidint,
foar Hitler koe it ek net lytser:
in reus foar hiel it nazi-folk.

Foar ’t loftskip wiene amper wurden:
’t foer as ‘Titanic of the sky’
fan Dútslân nei Amearika
en ek nei Rio de Janeiro,
it makke mannich lange reis.

It wetterstof joech ’t skip de draachkrêft
foar tsjin de hûndert lju oan board,
dy’t sweefden yn in loftpaleis,
dat transformearre ta in fakkel…
foar Hitler hat de reus net scored.

Hy waard troch ’t fjoer de allerlytste,
der bleau allinnich jiske oer
fan de ‘Titanic of the sky’
en ek fan fiifentritich minsken…
de twadde fal fan Babels toer.

* Foto ‘Hâlden en kearen mei de Hindenburg’
** Foto ‘De ûndergong fan de Hindenburg’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum