februari 11, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik moat nei kening Sedekia ta
om út te sprekken wat der barre sil,
want Babels leger is al kommen,
foar de foarst wiist it net goed,
want nei de slach mist hy syn wil:
‘Jo wurde pakt en komme each yn each
te stean mei Babels foarst, as man tsjin man
sil hy de wierheid jo fertelle,
troch it swurd floeit der gjin bloed,
hy is wat oars mei jo fan plan.
Hoewol’t Jeruzalem yn fjoer en flam
opgiet, jo bliuwe wêr dan ek bestean
en sille dêr yn frede stjerre,
brâne sil foar jo it fjoer
fan leed, de rouklacht wurdt jo bean.’
* Yllustraasje ‘Sedekia’
februari 10, 2023
fan ûnbekend*
Mar ien kear yn it jier
sjit de ljochtstriel oer it wetter,
tsien novimber is de dei;
hoewol’t de fjoertoer oars net wurket,
ropt de striel no al gefoelens op
oer seisentritich deaden op dy dei.
De stoarm wie mear as swier,
jage oer de Grutte Marren,
foel in tritich skippen oan
en fierde seelju nei de djipte
nei’t gefoelens sprieken earder op,
dy kamen lykwols by de kust net oan.
It ljocht wie net foar sier
nei’t de toer op rotsen boud wie,
mar it wiisde trou de wei,
soe letter oer de ramp fertelle,
rôp dêrmei elk jier gefoelens op,
om’t seisentritich seelju rekken wei.
* Foto ‘Split Rock Fjoertoer’